Sirkus Kekke 15 - Waadrinne

15. Waadrinne - Boer hat in ferrassing foar de bisten: se sille nei it Amelân. Mar as se by de boat oankomme, meie de bisten net mei! Dan sjogge se in groep waadrinners: minsken dy’t oer it waad nei Amelân rinne. De bisten geane mei dy groep mei en boer giet op de boat. It giet allegear prachtich oant de groep waadrinners by in hiele djippe slinke komt. Dêr kinne se net trochhinne, it is te djip en it wetter streamt te hurd. Kekke betinkt in plan. Ein moat in stik tou fan de boat helje en dan moat Hynder mei it tou yn de mûle nei de oare kant swimme. Hynder en Ezel moatte it tou spand oer de slinke hâlde en dan kinne de minsken lâns it tou nei de oare kant ta. It is in moai plan, mar soe it wol slagje??
Alle útstjoerings fan Sirkus Kekke