Tsjil TikTok Race #3 // Wy hawwe wille! (sc Heerenveen)

Twa teams stride tsjin inoar yn de Tsjil TikTok Race. De opdracht is om safolle mooglik doarpen/steden te besykjen foardat de sinne wer ûnder giet.. Hjir moatte de teams in TikTok meitsje om punten te fertsjinjen. Jimme hawwe yn 'e komments fan ús populêrste TikTok sein wêr 't jim wenje. Dit binne de lokaasjes dêr 't punten te fertsjinjen binne. It oantal punten stiet ûnder de komments fan Hieke har orizjinele TikTok.

Obstakels:

De bestjoerder en byrider ferwikselje fan plak. 

Nim ferplichte 30 minuten skoft. Dat betsjut net ferpleatse. ( sels de timer sette) 

Reis 1 oeren sûnder Google Maps. ( sels de timer sette) 

Meitsje in Tik Tok samar mei in foarbygonger op de folgjende lokaasje. 

Doch de punten fan de earstfolgjende twa lokaasjes troch de helte.

Slút 30 minuten lang elke sin dysto seist ôf mei“ Tsjil ”. ( sels de timer sette) 

Ryd 30 minuten lang net op de sneldyk. ( sels de timer sette) 

Belje in freon om te freegjen wannear 't er it liende tientsje werom betellet.

Meitsje in selfie mei in ko. ( Hjir meist de rest fan de race oer dwaan) 

Achterhelje in `weetje’ oer de lokaasje dêrsto op dit stuit bist. 

Doch mei-inoar 50 push-ups, 20 sit ups, en 10 burpees. 

Yt twa apels hielendal op. ( ynklusyf klokhûs )

Alle útstjoerings fan Tsjil TikTok Race