Omrop Fryslân Tsjil is de namme dy’t Omrop Fryslân brûkt foar alle programma’s foar bern of jongeren fan 2 oant 15 jier. Fan Kening Hert en Harry Hazze oant Pleinpraat en Tsjil Tsjekt. Earder foelen alle programma’s ûnder de namme Skoal.tv, mar dy namme past net mear by de wize wêrop’t de kontint fan Omrop Fryslân brûkt wurdt. Bern en jongeren sjogge hieltyd minder nei de telefyzje en meitsje mear gebrûk fan apps en social media om filmkes te besjen. Se besjogge de programma’s en filmkes fan Omrop Fryslân dus ek hieltyd mear bûten skoalle om. Efkes lekker tsjille mei Omrop Fryslân Tsjil!
Omrop Fryslân Tsjil biedt in breed en kleurryk palet oan programma’s en filmkes foar Fryske bern en jongeren fan 2 oant 15 jier. Alle fideo ‘s fan Tsjil, gean út fan it bern of de jongere. Sy binne dan ek de doelgroep. De programma’s en filmkes binne sawol te brûken op skoalle as yn de (online) wrâld fan bern en jongeren bûten de skoalle.
De kontint wurdt presintearre op in wize dy’t foar bern en jongeren oantreklik is om te nei te sjen, ek bûten de skoalle om. It laket harren ta, makket nijsgjirrich, smakket nei mear en stillet de sûne honger nei kennis. Mei de programma’s en filmkes wurdt altyd de ynteraksje socht mei de doelgroep. De Fryske taal en kultuer wurde dêrby as 'natuerlik gegeven' beskôge, se wurde net oplein, mar binne altyd fielber yn de sfear fan de kontint.
Op skoalle
Omrop Fryslân Tsjil is foar de dosint in ûnmisber helpmiddel by syn/har lessen Frysk en in moaie stipe by oare fakken. De sfear fan de kontint draacht by oan it akseptearjen fan it Frysk as in natuerlike taal yn Fryslân en stimulearret om dy te sprekken en te skriuwen. De kontint slút oan by de lesmetoaden Frysk troch stypjend audiofisueel materiaal te bieden. Dêrnjonken is der oansluting by ien fan de skoalfakken, oft dat no Frysk is of in oare taal, HVO/GVO, wiskunde, skiednis, technyk, biology, of wat dan ek mar. Troch it Frysk ek te brûken by kontint dy't mei oare fakken anneks is, kin dy yntegrearre wurde yn oare lessen en hoecht de taal net `een moetje’ yn it lesroaster te wêzen.
Web, app en tv
De programma’s fan Omrop Fryslân Tsjil binne te besjen fia omropfryslan.nl/tsjil, fia de Omrop Fryslân Tsjil app en ek op telefyzje. Mei de Omrop Fryslân Tsjil app kinne bern fan 2 oant 12 jier yn in feilige omjouwing filmkes besjen dy't foar harren leuk, nijsgjirrich en learsum binne. Sy krije allinne de filmkes te sjen dy't foar harren leeftiid geskikt binne.
Misje fan Tsjil
Alle ynhâld dy’t Tsjil makket, draacht by oan it bewustwêzen fan bern en jongeren yn Fryslân fan de kânsen dy’t se hawwe om’t se krekt yn dizze provinsje opgroeie.
Opgroeie yn Fryslân betsjut opgroeie mei in sterk gefoel foar eigen identiteit én mei in iepen blik op de wrâld. It betsjut bewust wêze fan dyn plak yn de mienskip, yn Nederlân en dêrbûten; fan de wearde fan taal en kultuer; en fan de ferbining mei lânskip, natuer en de minsken om dy hinne. Fryslân hat in eigen karakter en biedt dêrmei in sterk útgongspunt om mei nijsgjirrigens en fertrouwen nei de wrâld te sjen.
Yn alles wat Tsjil makket, binne dy Fryske taal en kultuer oanwêzich as in natuerlike ûnderlaach. Net as doel op harsels en net as eat dat oplein wurdt, mar as in fanselssprekkend ûnderdiel fan de wrâld fan bern en jongeren. De Fryske taal en kultuer binne dêrom net altyd it ûnderwerp, mar wol altyd fielber yn de sfear, de fertelwize en de kar fan perspektiven.
Wy meitsje ynhâld dy't bern en jongeren oansprekt, ferrast en yn beweging bringt. Ynhâld dy't nijsgjirrigens wekker makket, fragen opropt, kennis fergruttet en útnûget om sels fierder te ûntdekken.
Bern en jongeren steane dêrby altyd sintraal. Harren belibbingswrâld, fragen, talinten en útdagings foarmje ús útgongspunt. By it berikken fan ús publyk meitsje wy bewust ûnderskied tusken leeftydsgroepen. Om’t wy by bern ûnder de 15 jier skermgebrûk net fierder stimulearje wolle, berikke wy harren benammen fia skoallen en learkrêften. Foar jongeren fan 15 jier en âlder slute wy oan by de media en platfoarms dêr’t sy sels aktyf binne, ûnder oare fia sosjale media. Sa kiest Tsjil foar in ferantwurde, leeftydsbewuste en effektive oanpak.
Foar it ûnderwiis is Tsjil in weardefolle partner. Wy ûntwikkelje ynhâld dy't learkrêften helpt om it Frysk in natuerlik plak yn it ûnderwiis te jaan. Dêrby sjogge wy it Frysk net allinnich as fak, mar ek as taal fan kennis, ûntdekking en kreativiteit. Troch it Frysk te ferbinen oan ûnderwerpen lykas skiednis, technyk, natuer, kultuer en maatskippij, wurdt de taal in fanselssprekkend ûnderdiel fan it deistich learen.
Dat betsjut dat ús ynhâld:
· altyd bydraacht oan it bewustwêzen fan bern en jongeren fan de kânsen en mooglikheden fan opgroeien yn Fryslân;
· altyd útgiet fan de belibbingswrâld fan bern en jongeren;
· aktyf ynteraksje siket en oantrunet ta meitinken, meidwaan en reagearjen;
· oantreklik, tagonklik en kwalitatyf heechweardich presintearre wurdt;
· de Fryske taal en kultuer as in natuerlik en lykweardich gegeven beskôget;
· yn de measte gefallen oanslút by it ûnderwiis en de learndoelen fan ien of mear skoalfakken;
· in weardefolle audiovisuele oanfolling biedt op besteande lesmetoaden Frysk;
· bern en jongeren helpt om de wrâld om har hinne better te begripen;
· agindasettend en nijsgjirrigens-opwekkend is troch aktualiteit, ferdjipping, ynnovaasje, humor, kreativiteit en ynteraksje;
· bern en jongeren stimulearret om fragen te stellen, selsstannich te tinken en mei fertrouwen yn de wrâld te stean.