Tomke, Romke en Kornelia binne de trije haadspilers yn dizze searje foar pjutten en beukers.

Tomke 2022 – 14 In ein op besite
Kornelia, Romke en Tomke krije samar in ein op besite.
Tomke fynt it prachtich en jout de ein allegear lekkere dingen.
Dan freget Tomke ek noch of de ein de oare deis wer werom komt om te boartsjen!
Dat pikt Romke net en hy wurdt lilk!