Tomke, Romke en Kornelia binne de trije haadspilers yn dizze searje foar pjutten en beukers.

It is hiel waarm bûten, en de blommen hingje al slap fan de drûchte.
Dan komt Kornelia oanriden mei in grutte reinwettertonne.
As it midden yn ‘e nacht begjint te reinen, fertrouwe se it net hielendal of dy tonne wol fol mei wetter komt
en dêrom sette se al de itenspannen fan Kornelia ek noch bûten.