Yn Tsjil International fleane we oer de wrâld om te sjen hoe oars it dêr is as yn Fryslân.

Wat hawwe in mysterieuze Japanske faas, de oprjochting fan New York en spoaren yn Súd-Afrika mei-inoar te krijen? Friezen! 🌍 Yn dizze ôflevering fan Tsjil International ûntdekst hoe’t dizze noardlingen ferrassende spoaren oer de hiele wrâld achterlitten hawwe. Fan keunst oant koloanjes. Dit is Fryske skiednis sa’tst it noch noait sjoen hast.