Oer Tsjil
Omrop Fryslân Tsjil is de namme dy’t Omrop Fryslân brûkt foar alle programma’s foar bern of jongeren fan 2 oant 15 jier. Fan Kening Hert en Harry Hazze oant Pleinpraat en Tsjil Tsjekt. Earder foelen alle programma’s ûnder de namme Skoal.tv, mar dy namme past net mear by de wize wêrop’t de kontint fan Omrop Fryslân brûkt wurdt. Bern en jongeren sjogge hieltyd minder nei de telefyzje en meitsje mear gebrûk fan apps en social media om filmkes te besjen. Se besjogge de programma’s en filmkes fan Omrop Fryslân dus ek hieltyd mear bûten skoalle om. Efkes lekker tsjille mei Omrop Fryslân Tsjil!
Foar it bern of de jongere, ek thús
Omrop Fryslân Tsjil biedt in breed en kleurryk palet oan programma’s en filmkes foar Fryske bern en jongeren fan 2 oant 15 jier. Alle fideo ‘s fan Tsjil, gean út fan it bern of de jongere. Sy binne dan ek de doelgroep. De programma’s en filmkes binne sawol te brûken op skoalle as yn de (online) wrâld fan bern en jongeren bûten de skoalle.
De kontint wurdt presintearre op in wize dy’t foar bern en jongeren oantreklik is om te nei te sjen, ek bûten de skoalle om. It laket harren ta, makket nijsgjirrich, smakket nei mear en stillet de sûne honger nei kennis. Mei de programma’s en filmkes wurdt altyd de ynteraksje socht mei de doelgroep. De Fryske taal en kultuer wurde dêrby as 'natuerlik gegeven' beskôge, se wurde net oplein, mar binne altyd fielber yn de sfear fan de kontint.
Op skoalle
Omrop Fryslân Tsjil is foar de dosint in ûnmisber helpmiddel by syn/har lessen Frysk en in moaie stipe by oare fakken. De sfear fan de kontint draacht by oan it akseptearjen fan it Frysk as in natuerlike taal yn Fryslân en stimulearret om dy te sprekken en te skriuwen. De kontint slút oan by de lesmetoaden Frysk troch stypjend audiofisueel materiaal te bieden. Dêrnjonken is der oansluting by ien fan de skoalfakken, oft dat no Frysk is of in oare taal, HVO/GVO, wiskunde, skiednis, technyk, biology, of wat dan ek mar. Troch it Frysk ek te brûken by kontint dy't mei oare fakken anneks is, kin dy yntegrearre wurde yn oare lessen en hoecht de taal net `een moetje’ yn it lesroaster te wêzen.
Web, app en tv
De programma’s fan Omrop Fryslân Tsjil binne te besjen fia omropfryslan.nl/tsjil, fia de Omrop Fryslân Tsjil app en ek op telefyzje. Mei de Omrop Fryslân Tsjil app kinne bern fan 2 oant 12 jier yn in feilige omjouwing filmkes besjen dy't foar harren leuk, nijsgjirrich en learsum binne. Sy krije allinne de filmkes te sjen dy't foar harren leeftiid geskikt binne. De Omrop Fryslân Tsjil app is te downloaden fia de Appstore en Google