De Kanon fan Fryslân is in rige fan 41 finsters mei dêryn it wichtichste wat yn de skiednis fan Fryslân bard is. Ferteller Freark Smink liedt de sjogger troch de 41 finsters fan ‘e Fryske Kanon en...
Hoe komt it mei Sinteklaas dit jier? Kinne hy en syn piten wol pipernuten en pakjes útdiele no ’t der corona is? Us spesjale ferslachjouwers Andre en Alfred geane op ûndersyk út.
Yn dizze skiednisrige stiet altyd in histoarysk nijsgjirrich gebou yn Fryslân sintraal.
Programma foar it sliepen foar de pjutten. Bear Boeloe belibbet mei Sipke en Huningsnútsje en noch folle mear freontsjes en freondintsjes allerhanne aventoeren. Bear Boeloe no ek op Facebook! https...
Tamara Schoppert lit jimme sjen hoe bysûnder oft Fryslân derút sjocht. Se begjint har reis alle kearen op de Belvedêre, de útsichttoer fan Oranjewâld, dy't 18 meter heech is.
Hjir stean de filmkes dy't makke binne yn de Tsjek-auto yn de Harmonie yn Ljouwert op it Boekewikefeest. Raynaud freget bern nei harren dreamreis.
Yn bistepark Aqua Zoo Friesland meie Marieke en Jorrit meihelpe de bisten te fersoargjen. Bistefersoarchster Minke Spoelstra fertelt se wat se dwaan moatte. Fansels leare se in hiele protte oer de...
Hoe fier giesto om ien te helpen? In oar besykje te helpen en dêrmei sels yn ‘e knipe komme. Tiides de skoallefakânsje komt de fyftjinjierrige Justus yn de bosk fan syn omke in ferwyldere man...
It programma giet oer in leaf mar soms ek ûndogensk boskwyfke dat yn in hol ûnder in beam wennet. Se belibbet aventoeren mei de bisten, sjongt in lietsje en fertelt in ferhaal. De natuer en de...
Learlingen fan ROC Friese Poort yn Ljouwert krije dramales fan dosint Gooitzen Eenling. Foar 'De flier is foar jim' hat hy ûnderwerpen betocht dy't se spylje moatte. Se kinne harren dêr net op...
Hurdfytse, traine en de konkurrinten foar bliuwe. De wrâld fan it hurdfytsen is net altyd maklik, sa blykt yn de nije jeugddramasearje ‘De Koers’ fan Omrop Fryslân
Hoefier wolst gean om te fjochtsjen foar dyn frijheid, dyn idealen? Dat is de fraach dêr't Denise foar stiet yn De ÚTFLECHT. Se wennet allinnich mei har heit, en is fereale op Lionel. Mar as dy fan...
He Tiktokker út Fryslân! Dochsto krekt as Jesse en Christine mei oan it dub-drama fan Tsjil? Ast mei dochst dan makkesto kâns om tegearre mei Jesse of Christien yn ien fan de dub-drama ôfleverings...
He Tiktokker út Fryslân! Dochsto krekt as Jesse en Christine mei oan it dub-drama fan Tsjil? Ast mei dochst dan makkesto kâns om tegearre mei Jesse of Christien yn ien fan de dub-drama.
Pier en Marike binne freontsjes. Se sitte yn deselde groep en wenje ek noch neistelkoar. Tegearre belibje se de moaiste aventoeren.
Wat is de priis fan wier gelok? Hyls Hiddema (37) fan Weidum hat in jier lyn, nei in lange spirituele syktocht, syn yntree dien yn it boeddhistyske Ariya Sintrum yn Thailân. Mei as doel: libje yn in...
I.K. is in dramarige foar it fuortset ûnderwiis. Der binne twa riges makke: 'I.K. en de band Ikaros' en 'I.K wyn en wetter'. Beide riges bestean út 6 ôfleveringen. By de programma's is...
Efke en syn mem wenje tegearre yn in lyts húske op in berch. Mem hâldt fan skilderjen en Efke bout prachtige kastielen mei syn blokken. Al bouwend en tekenjend komme se hieltyd yn in dream telâne. It...
Radioprogramma by It lân fan Efke
Twa wiken lyn kaam myn buorjonkje Max dea werom fan syn skoallereiske yn Berlyn. Sûnt doe wurde der, ûnder syn namme, Insta berjochten uploaden. Ik wol witte wa't dit docht en wat der bard is yn...
De yntelliginte, mar in bytsje naïve Kening Hert en syn wat ûndogenske lakei Harry Hazze wenje tegearre yn it paleis yn 'e bosk. Harry moat altyd de problemen fan Kening Hert oplosse, mar oft dat...
Libben is de Fryske biologymetode fan Taalsintrum Frysk fan Cedin. By dizze metoade binne 16 filmkes makke. Dizze filmkes ha ek te sjen west yn Tsjek.
LinkEkstra is in sammelnamme foar in ferskaat oan programma's foar it fuortset ûnderwiis: Oeral technyk; Sûnens - sykje om genot; As stienen prate...;SjONG - Fryske sjongfestival;75 jier Ofslútdyk;...
LinKk is in soapsearje foar it fuortset ûnderwiis. Yn Linkk meitsje akteurs in telefyzjeprogramma oer de Fryske jongerein.
Moai Thús is in rige fan sân ôfleveringen dy't oanslút by de hjoeddeiske coronakrisis. Bente en Klaas binne tegearre thús. Om net gewoan de hiele dei foar Netflix te hingjen, komme se mei útdagingen...
Gaiske hat jim op TikTok kieze litten tusken twa ûnderwerpen. Yn pleinpraat giet Gaiske op 'en paad mei jim fragen!
In pear kear yn ’e wike upload Raynaud op Instagram in ‘puzzelpost’. Folgers kinne de influencer ‘tagge’ ûnder de foto as sy tinke te witten fan wa't de puzzel is. By in goed antwurd komt...
Sirkus Kekke lûkt mei in ein, in baarch, in hynder, in ezel en Kekke troch Fryslân. Fansels belibje se ûnderweis allegearre aventoeren.
Doet en har hynderke Skik binne elkoars bêste freonen. Tegearre strune sy troch it Fryske lân. Doet wennet yn it húske achter op Skik syn wein. Dat húske hat sy sels timmere. Doet en Skik belibje...
Dit is it skoaleksamen Frysk Part A
Hieke spilet de game Spore! Sjoch mei hoe ‘t Hieke it ras 'Nuup' evoluerje sil oant de hiele planeet befolkt is...
Studio F is in hilarysk programma oer de lytse omrop Studio F. Direkteur Bokke van der Baan hat hiel wat te stellen mei syn ferslachjouwers Mieke Foon en Eabele en Oebele. Technikus en putsjesman...
Tomke, Romke en Kornelia binne de trije haadspilers yn dizze searje foar pjutten en beukers. Alle kearen belibje se wer nije spannende of oandwaanlike aventoeren
Tomketiid is in programma fan 20 minuten mei dêryn de programma's Tomke en Fratsen, oanfolle mei rymkes en lietsjes troch de bern sels. Tomketiid kin mei de hiele húshâlding sjoen wurde.
Tsjek is it wyklikse edukative programma foar de boppebou. Yn it programma giet presintator Raynaud Ritsma nei ien fan de skoallen yn Fryslân. Yn it programma sitte reportaazjes...
Alle ekstra útstjoeringen fan Tsjil
Alle wiken Tsjilt Hieke yn Minecraft. Mei twa folgers bouwt hja oan de prachtige Tsjilwrâld yn dizze populêre game. Om’t in soad bern dit jier net op fakânsje nei it bûtenlân kinne,...
Lit dyn eigen TikToks ranke troch Raynaud! Kinst foar dyn fideo’s ien oant en mei fiif flaggen fertsjinje.
Yn it programma ‘Wat tekenje ik?’ riede bern (bûten byld) wat der tekene wurdt.
Yn it programma ‘Wat tekenje ik?’ riede bern (bûten byld) wat der tekene wurdt. Dit is de wurkfersy sûnder stimmen. De klas kin dan sels riede wat der tekene wurdt.
Yn WitWat giet Noah op 'e fyts en mei Kletskop op syk nei it antwurd op in fraach fan in skoalle. By WitWat binne ek opdrachtfellen beskikber foar de groepen.