- 19/11/2025
Yn dizze fideo fan Tsjil International dûk ik yn it “ frjemde fleis ”! Yn meardere lannen ite minsken fleis dat wy hjir yn Nederlân hast net op tafel sette. Wêrom ite se dat dêr wol? Hoe smakket it? De ynternasjonals nimme dy mei op reis by ytkreamkes en restaurants del en sa kinst ûntdekke dat wat foar ús frjemd liket, yn it bûtenlân krekt hiel normaal is. Ytst mei?







