Tema 1 Dyn Turbo
DYN TURBO
Yn de earste Tsjil Tsjekt fan it nije skoaljier sette wy de turbo efkes oan foar in goede start! Mar hoe komst no oan de enerzjy foar dyn eigen turbo? En witst dast dyn enerzjy net allinnich foar atletyske saken brûke kinst, mar ek foar it konsintrearre lêzen fan in goed boek? It is nammentlik wêr de tiid fan de Berneboekewike en de Lês-Mar-Foar-Wiken. En dat betsjut ien en al aventoer! Dit jier komt der op de moandei nei eltse fakânsje in nije Tsjil Tsjekt online. Dat binne dus fiif tematyske en ynteraktive ôfleveringen yn totaal. En fansels kin jim dielname en ynset wer hiel wat pompies opsmite yn de striid foar de Tsjilste klasse fan it jier award. En der hinget dit jier wol in hiele, hiele, hiele toffe priis oan fêst, mar dêroer letter mear. Dogge jim ek mei?
Download de hantlieding foar learkrêften!
Tsjil Magazine: Wêr krijsto enerzjy fan?