- 19/11/2021
Ik ha my de hannen fol oan Jiske. Springe yn ’t wetter en alles oer de kop fansels. De bern ha hjoed in foto opdracht. Meitsje de moaiste foto fan in poddestoel. Yldau is noch siik. Se hat spuid en koarts. By de dokter ha ’t se in kuerke krigen en hooplik knapt se no gau op fan har earûntstekking.