- 14/11/2023
Yldau sit yn ’e peuterpuberteit. Se hat in koart lontsje en moat gau gûle. Ik ha it der wol wat dreech mei. Want hoe komt it yn ’e fakânsje at de bern hiele dagen thús binne. Mar goed, se sizze dat nei in djiptepunt wer in hichtepunt komt. Dêr gean ik dan mar fan út.