- 18/04/2024
Alle bern út it doarp binne yn de Teatertún, se sille op syk nei aaien. Tegearre mei Fokke Timmerman fersoargje ik de katering. Yara giet foar my yn it plak mei Yldau de Teatertún troch, hoefolle aaien soenen se fine? En sit der ek in gouden aai tusken? Yldau is hielendal stikken nei de drokke dei, tiid om nei hûs te gean.