- 30/09/2024
Dit jier docht Jelke ek mei oan Tytsjerk on Tour. Mei syn maten is hy hjoed harren auto oan it pimpen en fansels helje se alles út ’e kast om goed op te fallen. Sels soargje ik derfoar dat ús Frozen-feestwein klear is om wer te brûken, want dy ha wy dit wykein ferhierd en wurdt ynkoarten ophelle.