#922 FRANS BALKON voor mijn KLEUTER (weekvlog)

Famke en Yldau sitte tegearre op swimles yn Burdaard. Ilse en ik bringe harren om bar der hinne en hjoed is it myn beurt om te riden. Nei’t ik se ôfset ha, gean ik gau troch nei de Omrop foar de lêste opnamen foar de fideoklip.
It is hast wer Falentynsdei, dus bin ik mei Sake te winkeljen om in presintsje foar syn freondintsje te keapjen. Letter yn ’e wike rekket Sake blessearre by in fuotbalwedstriid tsjin Kollum. Miskien komt it om’t hy dizze kear keeper wie en dêrtroch lêst fan syn ankel krige?
Ek fertel ik jimme hoe’t wy de nije keamers foar ús bern oan it bouwen binne yn it nije diel fan ús hûs.

Alle útstjoerings fan Tjits Floch