Volg ons op social media
De yntelliginte, mar in bytsje naïve Kening Hert en syn wat ûndogenske lakei Harry Hazze wenje tegearre yn it paleis yn 'e bosk.

Omdat it hjerst wurdt, sil de kening sjonge foar de stikelbargen. Hy moat der dan hiel kreas útsjen fansels. Dêrom sil Harry de kroan noch efkes poetse. Hy docht dit by de kening yn ‘e bosk, mar dan begjint it hiel hurd te stoarmjen en te tongerjen! Wat moatte se no?