Volg ons op social media
De yntelliginte, mar in bytsje naïve Kening Hert en syn wat ûndogenske lakei Harry Hazze wenje tegearre yn it paleis yn 'e bosk.

De kening hat in geweldich kado krigen. In prachtich kopke! Harry hat it noch net sjoen, mar as hy oan it skjinmeitsjen is falt er wat oan barrels op ‘e grûn. Oh jee, dat wie dochs net it kado fan de kening? Wat moat er no?