Volg ons op social media
De yntelliginte, mar in bytsje naïve Kening Hert en syn wat ûndogenske lakei Harry Hazze wenje tegearre yn it paleis yn 'e bosk.

De kening sil in ferske meitsje foar it feest yn it bosk. Hy is drok oan it oefenjen en rymjen om dat klear te krijen. Harry is drok mei it meitsjen fan in taart. Mar eltse kear skrikt hy fan it lawaai fan de kening. Hy wol dat de kening hielendal stil is, want oars makket er gjin taart.