Volg ons op social media
De yntelliginte, mar in bytsje naïve Kening Hert en syn wat ûndogenske lakei Harry Hazze wenje tegearre yn it paleis yn 'e bosk.

De kening hat in mobyltsje kocht en hat no hast gjin tiid mear foar Harry Hazze. Dy fynt dat net sa moai fansels, dus as hy efkes letter de kâns krijt om de rollen om te draaien grypt er dy mei beide hânnen oan. Mar of it dêr no safolle better fan wurdt?