Volg ons op social media
De yntelliginte, mar in bytsje naïve Kening Hert en syn wat ûndogenske lakei Harry Hazze wenje tegearre yn it paleis yn 'e bosk.

Harry Hazze bringt Kening Hert in hearlik miel iten. Mar hy is de leppel, de foarke en it mes fergetten. No moat er wer hielendal út syn hol nei boppe ta om it te bringen. Dêr hat er dus gjin sin oan, en hy beslút om it dan mar nei boppe te goaien. Mar oft dat wol sa 'n tûk idee is??