- 30/08/2023
Juster is it net slagge alles foar inoar te krijen. Dus sykje ik hjoed fierder nei saken dy ’t ik brûke kin foar de klipopnames fan de Tomke ferskes. Echt oeral sleep ik it spul wei. En om’t in soad saken net yn it kleurenpallet fan de klips passe, ha ik guon attributen noch gau efkes farve.