- 23/02/2024
Ik haw de tún fol mannen, in kraan en in shovel! De hiele tún giet oer de kop. Ik soargje foar in bakje kofje foar de mannen en binnen ha wy wille mei Yldau en Sverre. Yldau makket wat foar Valentijn, mar eins wol se it sels leaver hâlde. Op de neimiddei gean wy nei Yara har jierdeifeest, soe se har kado wol leuk fine?