- 05/04/2024
Wy bin mei it hiele gesin nei Ljouwert, earst lâns Tamme want dy hat wat foar ús bern! Ek wit ik noch in moaie plaat foar myn heit op’ e kop te tikjen. Dernei gean wy troch nei de 11-stedenhal yn Ljouwert. Sake hat hjir in proefleske en ik krij in moaie rûnlieding troch it prachtige gebou. Wat moai dat de bern hjir sa entûsjast makke wurde foar it reedriden!