- 04/08/2011
De foariche kear ha we sjoen hoe't de moderne en âlde boer wurkje. Kij en molke der gong it foaral om. Dy molke, dy't troch in tankwein ophelle wurdt, giet nei in suvelfabriek en der meitsje se der 'gewoane' molke fan, sûpe, fla, jochert, tsiis en bûter. Lang lyn barde dat gewoan by de boer thús en meastentiids wie dat it wurk fan de frou. Mar letter kaam der hast yn elts doarp of stêd wol lytse suvelfabrykjes. Der stean noch in hiel soad gebouen fan dy fabrykjes yn Fryslân. Sa wie it froeger mar hoe giet in no?