I.K. Wyn en Wetter diel 3 (seizoen 2)

't Is kermis. Dikke lol foar Jildou en de oaren. Mar as Rutger syn gesicht sjen lit, wurdt it gau minder gesellich. Hy komt aardich allinnich te stean, hielendal as ek Lieke fernimme lit dat se teloarsteld yn him is. Jeroen liket trouwens ek teloarsteld. Omdat er twivelt oft Jildou wol genôch fan him hâldt.
Alle útstjoerings fan I.K.