I.K. Wyn en Wetter diel 5 (seizoen 2)

Jildou is mislik. Mar Jeroen hat gjin begrutsjen mei har. En Michael ek net. De jonges sette har foar it blok, se kin net samar mear fuortrinne. Lieke en Rutger besykje der yntusken achter te kommen wat dy man op dy boat no krekt bepraat mei Jeroen. En dêrtroch wurde se bepaald net gerêst op de saak. It wurdt tiid om in plan te meitsjen om it tij te kearen.
Alle útstjoerings fan I.K.