- 10/08/2012
1. Sirkus Kekke - Boer en de bisten binne fertrietlik. Juster is hast de hiele pleats leechhelle. As der in frachtauto mei “slagerij van Kampen” it hiem opriden komt, is der efkes panyk. Soene Ein, baarch, hynder, ezel en Kekke ophelle wurde? Dat moat net! Se ferskûlje har ûnder in kleed en de slachter trapet der yn... As de kust wer feilich is en de bisten ûnder it kleed weikomme, hat Kekke in idee: se begjinne in sirkus! Sirkus Kekke!