WitWat oer dyn bloed

Hjoed de fraach fan de Lytse Mienskip út Haskerhoarne:"Wêrom is in blau plak blau?" Blauwe plakken en bloed! Doe't Marieke mei de fyts by basisskoalle De Lytse Mienskip yn Harkerhoarne oankaam, wie it striemin waar. Se woe der gau yn, mar.... “haastige spoed is zelden goed” jilde no ek! Se stjitte har holle keihurd tsjin in balke! It bliede ferskriklik! Gelokkich hie Jan de kameraman in doekje en in pleister by him….. De bern fan groep 3 én 4 stelden de fraach “wêrom is in blau plak blau?” Kleptop stjoerde Marieke nei Adri Mollinga, sy is ambulânse ferpleechkundige en wit alles oer ferwûnings. Doe’t sy dêr yn de rein oanfytsen kaam moasten se krekt mei de “ambu” – dat sizze minsken dy’t yn in ambulânse wurkje - útrukke. Der wie in jonge oer de kop flein mei de fyts. It seach der net moai út. Hy hie in grut plak op ‘e holle. Guido – sa hite de jonge – moast op de brankaar de ambulânse yn. Dêr helle Adri it bloed om de wûn hinne wei. Doe like it al in hiel stik better en mocht hy wer op de fyts nei hûs. Adri fertelt fan alles oer it bloed en oer it hert, want dat pompt it bloed troch ús lichem. Boppedat sitte der yn it bloed wite bloedlichaampjes dy’t ferkearde bacteriën en firussen te liif gean. Sadat we wer better wurde. Mar der sit noch wat yn it bloed en dat binne bloedplaatsjes dy’t derfoar soargje dat it bliedsjen stoppet ast in iepen plakje hast. By Gerrit en Tjipke Dam is dit lykwols net sa. Harren bloed is net hielendal goed. Der mist yts dat derfoar soarget dat it bloedsjen stjurret, stoppet. Hoe't se dêr mei omgean en hokker oplossings as dêr foar binne, sjogge jim yn Wit Wat!Oer de fraach fan "de Lytse Mienskip": In blau plak hat alles te meitsjen mei bloed, yn Wit Wat kinne jim sjen hoe't dat krekt sit!

Alle útstjoerings fan WitWat