WitWat oer dyn bonken

Yn dizze ôflevering giet Marieke nei de Master S. Wijbrandiskoalle yn Aldhoarne. De bern fan groep 3 wolle graach witte hoefolle bonken we eins ha! Marieke giet op har fyts nei it sikenhûs yn Snits. Bonkedokter Simen Hokwerda fertelt har fan alles oer it oantal bonken en de funksje fan de bonken. Ek wurdt der in röntgenfoto makke fan Marieke har earm en mei se even fiele hoe’t it is om in earm yn it gips te hawwen…. Fierder fertelt Douwe Post fan Aldeberkeap oer syn bonken. Douwe hat in botsykte en is dêrom al 10 kear operereard oan syn bonken. Hy fertelt Marieke hoe’t it is om mei gymnastyk op de bank te sitten en hoe’t syn takomst derút sjocht. Marieke wurdt nei alles wat se oer har bonken heart suver grutsk op har skelet en dêr sjongt se in lietsje oer: bonkeboel.

Alle útstjoerings fan WitWat