WitWat oer dyn fel

Op de dei dat ik foar de lêst WitWat fan dit skoaljier op stap wie, wie it sok hearlik waar! Echt maaitiidswaar. Omt ik wat tiid oer hie, wie ik even oan it wetter sitten gien. Hearlik mei myn gesicht yn de sinne. Foel ik dêr op myn handoek yn sliep! Gelokkich makke de kameraploech my wekker, dus ik gau op de fyts nei Wurdum. De bern fan de Arke wiene lekker bûten oan it boartsjen doe’t ik oanfytsen kaam. De WitWat fraach dy’t sy stelden wie: hoe krigest spruten? Ja, ik hear it jimm’ al sizzen: spruten kinst keapje op de griente-ôfdieling fan de supermerk. Mar dat bedoelden se fansels net! Simmerspruten, “sproeten” yn it hollânsk. Hoe komst oan spruten en wêrom hat de ien mear as de oar? En ha bern mei in donkere hûdskleur ek spruten?

Alle útstjoerings fan WitWat