Tema 5 Dyn reis
DYN REIS
Hâldsto fan reizgjen? In soad Friezen wol! Sy sjogge graach ris oer de grins en dat is net nij. Der wurd al iuwenlang hiel wat ôfreizge en dat hat alles te krijen mei al it wetter om ús hinne. Raynaud wol de provinsje ek wolris út en lit him graach ynspirearre troch de wrâldreizen fan ús Fryske foarâlden. En fansels sykje wy ek kontakt mei de moderne reizgers fan Tsjil International. Kinne sy Fryske spoaren yn harren lân fine? Dit is de lêste Tsjil Tsjekt fan dit skoaljier en dus ek de lêste kâns om noch safolle mooglik pompies te skoaren. Op moandei 30 juny om 14:00 meitsje wy nammentlik de balâns op en wurd dúdlik hokker skoalle de 'Tsjilste klasse fan it jier' wurden is en it tsjilste skoalreiske wint. Ha jimme dit jier inkelde lessen oerslein? Jout neat! Jimme kinne de eardere lessen fan dit skoaljier noch ynhelje en sa besykje om jimme einskoare te ferheegjen. Súkses!
Download de hantlieding foar learkrêften!