Workshop Kening Hert & Harry Hazze
Workshop Kening Hert en Harry Hazze
Kening Hert en Harry Hazze komme nei jim skoalle ta!
Yn in les (weryn de bern meispylje kinne) belibje de bern fan groep 1 en 2 tegearre mei Kening Hert en Harry Hazze in spannend aventoer. Kening Hert rekket it paad bjuster, mar gelokkich is Harry Hazze dêr tegearre mei de bern om de Kening wer feilich thús te bringen.
Wat kinne jim fan ús ferwachtsje
Sjocht de trailer! https://www.skoal.tv/utstjoering/kening-hert-harry-hazze-workshop
In learsume les weryn de bern fan groep 1 en 2 meispylje kinne en sa dus aktyf mei de Fryske taal en toaniel dwaande binne;
Kening Hert en Harry Hazzy yn it echt tusken de bern, ynstee fan op de telefyzje;
De workshop duorret sa’n 40 minuten en der is plak foar maksimaal 35 bern
Ek sa enthousiast as dat wy binne?
Sykje dan kontakt mei ús, stjoer in mailtsje nei khhh@omropfryslan.nl en wa wit komme Kening Hert en Harry Hazze by jim del.
Wy stean yn elts gefal te springen om tegearre mei de bern dit aventoer te belibjen!