André & Alfred: De Geur fan Gefaar

Dizze aventoerlike poppensearje giet oer soan André en syn heit Alfred, dy't mei harren freonen yn in gesellich buertsje yn Fryslân wenje. Op in dei wurde se opskrokken troch in ferskriklik stjonkende lucht dy't samar oanwaaien komt. Wa't te lang yn dy stank bliuwt, falt  flau fan de geur. Net allinnich yn harren buert, mar yn de hiele provinsje komt de stank foar. Gjinien wit wêr’t de stank weikomt. As de stank der is, moatte de bern binnenbliuwe en kinne dan net mear bûten boartsje. De bern wolle fan de stank ôf en geane op ûndersyk út. Se komme derachter dat de stank stikem troch in fabryk ferspraat wurdt en ûntdekke dat it fabryk ek ‘Bûtenparfum’ makket dy’t tsjin de stank wurket. It fabryk wol mei dy Bûtenparfum in protte jild fertsjinje. As de plysje harren net leaut, beslute de bern om mei harren âlden bewiis tsjin it fabryk te sammeljen. It slagget harren úteinlik om it fabryk stikem binnen te kommen en sa it bewiis te krijen en it fabryk te ûntmaskerjen.

Alle útstjoerings fan André & Alfred: De Geur fan Gefaar