- 10/11/2021
It giet better mei Yldau mar minder mei my. Dat is jammer want sa sjit it allegearre net op. Wy ha it allegearre bot te pakken.. Dochs bin ik mei ús heit nei De Lawei west. Nei de foarstelling De Schuldige. In yndrukwekkend stik mei mar ien akteur op it poadium!