#206 Foar de Fûgels

Mei de bern ha ik fetbollen makke. De fûgels kinne har mar ûngâns frette safolle ha wy der foar de winter no klear lizzen. Wolsto it ek meitsje?
Dit hasto nedich;
Kokosfet
Sied
Drûge cranberries en/of rezinen
Stielpantsje
Foarmen fan silikoanen
Koelkast
Maatbeker
Noch in tip; begjin op tiid mei it smelten fan it fet. Sadat it wer in bytsje ôfkuolje kin en de bern harren net brâne ast der mei oan it wurk giest.

Alle útstjoerings fan Tjits Floch