- 12/09/2022
Wy ha it skûtsje by Earnewâld dellein. Roelof Jan en Sake ha lekker swommen en doe ’t wy mei de Zodiac nei it doarp ta fearen hat Sake sels stjoerd. Dat kin dy jonge al hiel goed! Yn Earnewâld kamen wy by tafal pake Sake, beppe Klaasje, Yare en Louis tsjin. Sa waaide ús ek noch in iisko yn ’e mûle.