#557 Bytsje mislik.

Wy binne op de kermis yn Damwâld. En wêr’t Sake ferline jier noch skruten wie foar de botsauto's is hy hjoed út 'e skroeven en giet der fol foar. Yn de sko-muntsje-automaten ha wy de wrâld oan punten binnen helle mar it presintsje dat wy dêr foar keapje koene foel wol wat ôf. No ja. Wy ha wille hân, dat is it belangrykste.

Alle útstjoerings fan Tjits Floch