#748 Sjonge yn it Ferring’s

Hjoed de earste opnames op it Dútske eilân Föhr. Ik bin te gast by de Ferring Stiftung, hjir ha ik in interview mei de direkteur Robert Kleih, wat bysúnder is is dat ik “Wâldfrysk” praat en hy “Ferring-frysk” en dat wy elkoar hiel best ferstean kinne. Tegearre mei de lokale artyst Mattis Brodersen sjong ik it ferske yn it Ferring, wat in gouden strot hat die jonge! Middeis ha wy noch tiid om myn teksten op te nimmen en moaie bylden te sjitten fan it eilân.

Alle útstjoerings fan Tjits Floch