- 11/03/2024
It is in wichtige dei yn Risum-Lindholm, hjoed is it Biikebrennen, “IT” feest fan Nordfriesland. Moarnes bin ik op in basisskoalle om in stik musyk en teater yn harren Fryske taalfariant it Mooring te sjen en ek ha sy in lyts fjoer foar de bern. Ek freegje se my om noch efkes mei de bern myn ferske te sjongen, moarn sille sy my harren tekst lere. De junnes is dan it “echte” grutte fjoer en feest, wat in belibbenis wie dit!