75 jier Ofslútdyk - Diel 1

Presintatrice Jildou de Vries begjint de searje op de Waadsee, om te sjen hoe’t de Noardnederlânske kust him de ôfrûne twatûzen jier foarme hat en hoe’t dêrby de Sudersee ûntstien is. Al rillegau nei’t yn de Midsieuwen de Sudersee foarm krige, betochten de minsken plannen om dizze gefaarlike binnensee of te sluten. Ommers, by elke noardwesterstoarm waard der safolle wetter de see yn perst dat de omlizzende plakken steefêst ûnderstrûpten. Yn it programma is te sjen wat foar plannen der allegear makke binne en hoe’t ir. Cornelis Lely en syn meiwurkers der uteinlik yn slagge binne om har plannen út te fieren. Fansels binne der in soad âlde bylden te sjen fan it wurk dat dien wurde moast om de dyk oan te lizzen.
Alle útstjoerings fan LinkEkstra