75 jier Ofslútdyk - Diel 2

Presintatrice Jildou de Vries begjint de searje op de Waadsee, om te sjen hoe’t de Noardnederlânske kust him de ôfrûne twatûzen jier foarme hat en hoe’t dêrby de Sudersee ûntstien is. Al rillegau nei’t yn de Midsieuwen de Sudersee foarm krige, betochten de minsken plannen om dizze gefaarlike binnensee of te sluten. Ommers, by elke noardwesterstoarm waard der safolle wetter de see yn perst dat de omlizzende plakken steefêst ûnderstrûpten.Yn de twadde ôflevering stiet de Twadde Wrâldoarloch sintraal. Hast nearne yn West-Europa wisten soldaten it Dútske leger op te kearen, mar op de Ofslútdyk kaam de opmars fan de Wehrmacht stil te stean. It is yn de maaiedagen fan 1940 gjin Dútser slagge om de dyk oer te kommen. Mei help fan âlde filmbylden en foto’s én fan in âld-strider fertelt Jildou de Vries fanút de kazematten wei it boeiende ferhaal fan dy oarlochsdagen.
Alle útstjoerings fan LinkEkstra