- 28/08/2024
As ik kuierjend Yldau fan skoalle helje en sy op ’e fyts is, kin ik har lang net byhâlde. In oare kear sil ik ek op ’e fyts gean. Fan ’e middei doch ik de lêste tariedings foar de nije Tomke-klips en dan blykt dat it mear wurk is as tocht.