- 25/09/2024
Ik ha hjoed in hyper drokke dei. Earst nei de újouwer fan myn boek. Dan nei de winkel foar in sliepsek foar Tytsjerk On Tour. Tusken de middei soe ik bananepannekoeken meitsje mar dat mislearre. Fan ’e middei nim ik filmkes foar Liet op en wurkje ik in bulte mails fuort. Oan ’e ein fan ’e dei helje ik myn moskje op by beppe Klaasje dy ’t op de pjutten past hat hjoed.