- 04/02/2025
Foar myn nije videoclip ha wy dizze wike opnamen yn studio 2 fan de Omrop. Dêr is it kommandosintrum wêr út ik Sake de tiid troch stjoer. Op woansdei binne wy by Firda te gast. Op dizze MBO skoalle ha se in fleanmasinekabine neiboud om stewardessen op te lieden. Dêr wiene sels in pear échte stewardessen om ús te stypjen! Om ’t wy ek op ’e moanne filmje sille, nifelje ik, ta eintsje beslút, mei de bern in hiele soad stjêrren.