#921 BELANGRIJKSTE ONDERDEEL is KAPOT (weekvlog)

Ynkoarten sil ik mei myn suske Ilse nei Winterberg om te skieën. Mei Yldau bring ik de ski’s fuort om se slypje te litten. Wy fernuverje ús oer de ‘binnen-doar-lesbaan’. Dizze wike ha ik noch twa kear opnamen foar de fideoclip hân en dat gie net sûnder wjerstân. Earst hiene wy rein yn Harns, en dêrnei gie ien fan de wichtichste attributen stikken op it fleanfjild fan Drachten. Lokkich koene wy it Floggy-masker meitsje en is der fan de rein net al te folle te sjen op de bylden. En noch in nijtsje: it boek sil lang om let nei de drukker!

Alle útstjoerings fan Tjits Floch