- 10/06/2025
Foegen tusken de tegels, gjin ûnkrûd mear - mar wat in putsje! Yldau helpt hiel goed mei. Dêrnei wol se skeelerje: earst spannend, mar it slagget har en se is grutsk. Ik ek fansels.
Letter yn 'e wike dogge wy opnames foar Spul, in ûnderdiel fan Tsjil Tsjekt: spektakel mei fyts, hynder, auto, boat én te foet. Yn é boaat bin ik de ballast, ja echt. En dêrnei yn de teätertún: kikkervisjes fange mei Famke en Yldau! Sak kriget in fispas, fansels folslein terjochte.