Belvedere - Gebouwen - it draait en mealt

Ast fan de Belvedere sjochst liket it krekt as is Fryslân in grut bosk. Mar we witte ek dat Fryslân foaral bekend stiet om syn wetter. Simmers kinst der moai yn swimme of op farre. En winters, as it yn bytsje ferzen hat, kinst der in hiel ein op ride. Mar dat wetter kin ek hiel ferfelend foar as der tefolle fan is. En dat bart noch wolris yn de hjerst of winter. Om yn Fryslân droege fuotten te hâlden ha se hjir en der gemalen delsetten. It âldste gemaal dat stiet by de Lemmer: it Woudagemaal.
Alle útstjoerings fan Belvedêre