Belvedere - Sport diel 2

No we sille sjen. De foarige kear wie ik in 42 sekonden boppe...en dat moat sneller kinne...ûnder de 40 sekonden...dat moat te dwaan wêze. Ja, 39,4 sekonden. Sjochst wol, ast mar genôch trainst dan wurdst hieltiid better. Fan sprote wurdst fit en boppedat kinst hieltiid besykje om sterker of flugger te wurden.De foarige kear ha we sjoen nei Nathalie en Celine dy't mei it turnjen oan de top komme wolle. Net elkenien sil in topsporten wurde en dat hoegt ek net fansels. De measte minsken dy sporte dogge it om't se it leuk fine of om der fit en sûn by te bliuwen. Om dat te dwaan kinst lid wurde fan in sportferiening mar do kinst it fansels ek aliine dwaan troch geregeld in eintsje te draven, te swimmen, te fytsen of sa no en dan de Belvedere op en del te draven. It is allegear goed foar dyn kondysje.
Alle útstjoerings fan Belvedêre