- 09/04/2014
Fratsen: Sêd As Pier en Marike út skoalle komme, begjint it te snijen. Dan sjogge se in ein dy 't wol siik liket. Se sille bôle helje, want miskien hat er wol honger. Eins moatte se foar alle einen wat iten meinimme, fine se. Marike har mem is net thús, mar lokkich is der bôle genôch.