- 18/07/2012
- Ik-seizoen1-oflevering5.pdf
Dizze ôflevering yn I.K.:Olivier hellet tsien pakketsjes út in wite plasticpûde en jout dy oan de heit fan Rutger. Dy markeart se mei in stift en ferstoppet se yn de SRV-wein. Se prate net...Mem is oan it stofsûgjen. Se stjit per ûngelok tsjin de kast. Fan boppe de kast falle wat administraasje-papieren en in envelop nei ûnderen ta. Mem sil de boel wer oprêde, as se sjocht dat de iepen envelop fol sit mei bryfkes fan 100 en 200 euro. Se skrikt.Op skoalle is it pauze. Rutger, Jildou en Kaja sitte bûten mei de rêch tsjin de muorre yn de sinne. Der hinget in licht broeierich sfearke, Kaja en Rutger sitte tichter as gewoan tsjin elkoar oan. Jildou sjocht oergeunstich. Kaja merkt it op en hellet noch twa koeken út de tas en dielt dy út. Kaja dielt har blikje cola mei Rutger. Yntusken pakt se in twadde blikje en begjint dat achter har rêch te skodzjen en jout it oan Jildou. Jildou docht it blikje iepen. It spuitet alle kanten op. Jildou sjocht sneu, de oaren laitsje......